Damclub Hartwerd
Voor vragen over de damclub kunt u contact opnemen met de heer Fedde Wiersma, voorzitter.
Telefoonnummer: 0515 - 332401 of wiersmafedde@gmail.com

Taeke Kooistra fan Hartwert is sneon foar de sechtjinde kear Frysk kampioen damjen Frysk spul wurden
De earste titel wun er yn 1986. Oer it resultaat wie de nije kampioen ‘hartstikke bliid’, mar de wize hoe’t it kampioenskip ta stân kaam, fûn er lykwols ‘wat suterich’. “Ik haw tefolle flaters makke, mar dat sil wol troch de âlderdom komme”, sa joech er as ferklearring.
It gong ôfrûne sneon yn it Lollum yn ‘e lêste twa omlopen foar Kooistra yndied net fan in laaien dakje. Tsjin Henk Haanstra koed er net rjucht foardiel helje, en mooglik hie der ek net mear as remize yn sitten, mar doe makke de Aldegeaster nei mear as fiif oeren efter it boerd dochs in flater. Kooistra hold dêrmei syn punt foarsprong op Waaksenser Marten Walinga, dy’t earder syn broer Siebe oan ‘e kant skood hie. Troch syn lange en drege earste partij wie de skerpte der dêrnei by Kooistra blykber al wat ôf. Hy koe it teminsten net oprêde tsjin Jelle Wiersma (Wommels). Op dat stuit hie it op papier noch spannend wurde kinnen as Marten Walinga fan Foeke Tiemensma winne kind hie. Lykwols wie de stân op it boerd dêr net neffens, dat Walinga helle Kooistra net mear yn. De Frjentserter Tiemensma wûn sels, en dêrmei stelde dy debutant syn ferbliuw yn ‘e kampioensklasse feilich. Jelle Wiersma prolongearre syn kampioenskip fan 2013 dus net, mar likegoed koe er in goed gefoel oan ‘e lêste dei oerhâlde. Net allinnich wie hy de iennichste dy’t Kooistra fersloech, mar earder op ‘e dei helle er ek it punt binnen tsjin de altyd deeglike middenmoater Folkert Groenveld. Dat barde yn in komplekse partij, dy’t fan beide dammers in soad tinktiid ferge. De winnende damslach fan Wiersma wie fan in seldsume djipgong.
De kampioensklasse wurdt takom’ jier oanfolle mei Sjoerd Jan Bakker (Snits), dy’t yn ‘e twadde acht lang de kop hân hie, en it Gaastmarder talint Pieter Hoogterp. De ferskillen wiene hjir oars sa lyts dat it SB-systeem de beslissing jaan moast. Dêrmei foel Ljouwerter Hein de Vries, dy’t ek op 4 punten útkaam wie, wat sneu bûten de boat. Yn ‘e tredde klasse promovearren Fedde Wiersma (Easterein) en good-old Sjoerd Couperus (Snits). Hjir wie oars in fertsjinstlik tredde plak foar de noch hiel jonge Harmen Westra fan Lollum dy’t it syn heit krekt ofwun.
Bron: Bolswards Nieuwsblad