Moardromânse
Freed – en sneontejûn 27 en 28 febrewaris, waard dit stik spile yn It Terphûs fan Hartwert. It wie in grut stik yn trije bedriuwen en der diene 5 spilers mei. Dit kear gjin klucht mar in soarte fan skriller (thriller), dus hiel wat oars foar it Hartwerter publyk. It stik gong oer twa bruorren: Douglas (spile troch Johan de Lange) en Francis (spile troch Herman Terwisscha van Scheltinga). Harren muoike is stoarn en no is harren bûten erflik oerdroegen oan in ûnbekende nicht. Dat sit de beide mannen net lekker: it wurdt fermoardzje of troue, der wurdt beslúten foar it earste, mar as dy bewuste nicht op besite komt, dan begjinne de bruorren al wat te twifeljen, want harren nicht Toni (spile troch Anne Richt Kingma) sjocht der kreas út en nicht Toni is ek net op har efterholle fallen, sy hat de beide mannen wol yn de gaten. Ek komt der noch in sjournaliste (spile troch Hillie Ketelaar) lâns dy’t har noas ek nijsgjirrich yn de nije situaasje stekt, sy wol nammentlik witte, wêr’t dizze rike nicht bedarret. En dêr tuskentroch skood de butler Harris (spile troch Titus Hettinga) op syn eigen komyske wize, hy bliuwt de beide bruorren trou, mar hat om de drommel wol yn de gaten, wat der allegear spilet yn it bûten. Op eintsje beslút mislearre alle moardplannen en wolle de beide bruorren beide de hân fan nicht Toni, mar nicht Toni hat it net op dizze plannen te stean, sy giet wer werom nei London, dêrby stean de bruorren elkoar nei it libben, sadanich dat se elkoar fergiftigje sille, mar dat fan elkoar net yn de gaten hawwe, allinnich de butler hat it yn de smizen. Dat as nicht Toni fourtgien is nei London, bringe de beide mannen in toast út op harren nicht, net wittende, dat yn de cognac fan Francis fergif sit en yn de port fan Douglas ek, dat doet it doek ticht gie, wie it doek ek fallen foar de beide bruorren. It stik regisearre troch Bineke Ijdema en Grietje Bonnema en ynstekster wie Bianca Bloemhof, waard treflik nei foarren brocht troch de spilers en it applaus fan it publyk wie dêr ek neffens. Sa is der wer in ein kommen oan it lange oefenjen tidens it winterskoft en no is it bestjoer al wer dwaande mei Keningsdei. Twa bruorren ha in maklik lúks libben yn it hûs fan in fiere muoike. As sy stjert komt dêr in ein oan. De erfenis wurdt allinne op froulju oerdroegen en der is in ûnbekende nicht kommende wei. Fermoardzje of trouwe? Wat is de bêste oplossing? Voor foto's klik hier. |
Frysk Damjen
Taeke Kooistra is sneon foar de sântjinde kear Frysk kampioen damjen Fryskspul wurden yn de Gaastmar. Fan herte Taeke! Zie ook stukje in het Bolswards Nieuwsblad. |
Ja, ik wil glasvezel!
Meld u aan via de website www.opglas.nl, en wie weet maakt dit de komst van glasvezel naar Hartwerd mogelijk! |
Dorpsvisie
Dinsdag 20 januari jl. heeft het dorpsbelang de eerste uitgave van 'dorpsvisie' overhandigd aan de gemeente. De dorpsvisie kunt u ook digitaal bekijken, klik hier. |
De earste damjûn fan it nije jier
Op dizze jûn waard werom sjoen op de damdei fan 3 jannewaris en foarút sjoen nei de klupkampioenskippen dy’t op sneon 10 jannewaris spile wurde yn Noflik Easterein: wa giet mei en wa net? Geane we mei 2 as 3 trije achttallen? Wa sit yn hokker achttal en op hokker boerd? Mar der waard fansels ek damt. Der wiene mar leafst 20 dammers! No’t de fuotballers fan Nylân op tiisdei traine kin Sjoerd Teake Kooistra op moandei wer efter it boerd skowe. Mar yn de earste partij koe er net op tsjin de routine fan buorman Jan Bouma. De partij tusken Anne de Boer en Piet Sikma begûn pas nei njoggenen. De iene dammer brûkt mear tiid as de oare en dat wie ek yn dizze partij sa. Doe ’t Piet noch omtrint in oere betinktiid hie, hie Anne noch maar 3-4 minuten, wylst beide dammers elk noch 10 houten op it boerd hiene! Mar Anne wist de lêste minuten goed te brûken en wûn de partij. Útslaggen 5 jannewaris 2015 Sjoerd Teake Kooistra – Jan Bouma 0 – 1 Teake Kooistra – Germ Bruinsma 1 – 0 Tjerk Wijbenga – Fedde Wiersma 0 – 1 Hein de Vries – Harmen Westra 1 – 0 Sjouke de Boer – Klaas Abma ½ - ½ Douwe Namminga – Lieuwe Eringa 1 – 0 Auke Boschma – Ids Boersma 0 – 1 Anne de Boer – Piet Sikma 1 – 0 Herman Terwisscha van Scheltinga – Ygram Wijbenga 0 – 1 Jesse Boschma – Thom Vellinga 1 – 0 |
Dammers, katten, mûzen en Ebola
Yn It Terphûs wiene allinne de earsten oanwêzich, oer de oaren waard allinne mar praat. Guon boeren ha in soad lêst fan mûzen yn it lân en op it hiem. De iene boer hie dizze hjerst in hiel soad mûzen yn de ladewein meinaam nei de kuilbult; de oare moarn wie it kuilplestiek sa lek as in gatsjepanne! By de katten fan in oare boer rinne de mûzen sa yn de bek as se in slachje troch de jister dogge: se kinne se net iens op! Der lizze eltse dei wol in stik as tsien deade mûzen op de skuorrereed. Hoe komme we fan dy mûzen of? Neffens de ien moat it in kear sa reine dat it lân yn ‘e splis komt te stean. De oar seach mear yn in útbraak fan it Ebola-firus ûnder de fryske mûzen. Útslaggen 15 desimber Tjerk Wijbenga – Klaas Abma 1 – 0 Hein de Vries – Fedde Wiersma 1 – 0 Herman Terwisscha van Scheltinga – Jesse Boschma 1 – 0 Sjouke de Boer – Ygram Wijbenga ½ - ½ Auke Boschma – Klaas Wiersma 0 – 1 Lieuwe Eringa – Siebe Elzinga 1 – 0 Germ Bruinsma – Jan Bouma 0 – 1 Anne de Boer – Douwe Namminga 0 – 1 Piet Sikma – Thom Vellinga ½ - ½ |
Damclub Hartwerd e.o.
Útslaggen 8 desimber Jesse Boschma – Douwe Namminga 0 – 1 Klaas Wiersma – Piet Sikma 1 – 0 Auke Boschma – Ygram Wijbenga 0 – 1 Teake Kooistra – Hein de Vries 1 – 0 Jan Bouma – Klaas Abma ½ - ½ Thom Vellinga – Lieuwe Eringa 1 – 0 Herman Terwisscha van Scheltinga – Ids Boersma ½ - ½ Tjerk Wijbenga – Germ Bruinsma 1 – 0 Siebe Elzinga – Anne de Boer 0 – 1 Fedde Wiersma |
Damclub Hartwerd - Jesse tinkt net nei!
Sa as eltsenien wit, is Frysk Damjen in tinksport. Der komt net folle bewegen oan te pas: je kinne der by sitte, sa no en dan in slok kofje nimme of in hap út in koekje. Mar fierders kinne je wat op de stoel hingje en de skonken ûnder de tafel skouwe. Fierders moat de kop it wurk dwaan: wat is de bêste set, en as ik dizze doch wat kin myn tsjinstanner dan dwaan. As je dat tinkwurk dien hawwe kin de hân nei it boerd en skowe je in wyt as swart houtsje efkes fierder; dêrnei in tik op de klok en je kinne je wer in minút as 5 noflik deljaan. Mar Jesse Boschma hie moandei gjin sin om nei te tinken; nei in pear setten wie de stân yn de partij tsjin Jan Bouma hielendal gelyk en dat bleau de hiele partij sa! De yn it sâlt bebiten dammer Jesse die eltse kear deselde set as Jan …… Útslaggen 1 desimber: Ids Boersma – Klaas Wiersma 1 – 0 Teake Kooistra – Tjerk Wijbenga ½ - ½ Hein de Vries – Klaas Abma 1 – 0 Germ Bruinsma – Fedde Wiersma 1 – 0 Jan Bouma – Jesse Boschma ½ - ½ Siebe Elzinga – Thom Vellinga ½ - ½ Lieuwe Eringa – Herman Terwisscha van Scheltinga 0 – 1 Douwe Namminga – Anne de Boer 1 – 0. Fedde Wiersma Foarsitter |
Damclub Hartwerd e.o.
Op moandei 17 november kamen der wer moaie partijen op de boarden yn it Terphûs. By de beide Burchwerters Lieuwe Eringa en Anne de Boer woene de houtsjes yn it begjin mar min fan it board. Nei in oere spyljen wie it noch 19 tsjin 19! Mei de wurden ‘ik gok it derop’ helle Harmen Westra út Lollum yn it middenspul in daam tsjin Germ Bruinsma út Wommels, mar hie doe wol 2 skiven minder. Nei in pear setten koe Germ de daam wer pakke en wie it ek wer gelyk hout, mar de houtsjes fan Harmen stiene better en hy koe de partij dan ek winne. Ofrûne freed 21 novimber wûn in ploechje fan Hartwert (Klaas Abma, Fedde Wiersma, Germ Bruinsma en Tjerk Wijbenga) yn Jorwert by it fluchdamjen de 1e priis yn de B-groep. Dat moast eins ek wol, want de oare teams in de B-groep wiene allegear de twadde teams fan klups. Útslaggen 17 novimber: Thom Vellinga – Douwe Namminga 1 – 0 Lieuwe Eringa – Anne de Boer 1 – 0 Jan Bouma – Ids Boersma ½ - ½ Jesse Boschma – Auke Boschma ½ - ½ Germ Bruinsma – Harmen Westra 0 – 1 Herman Terwisscha van Scheltinga – Ygram Wijbenga ½ - ½ Fedde Wiersma – Hein de Vries 1 – 0 Klaas Abma – Teake Kooistra 0 – 1 Fedde Wiersma |
Stichting Stype Tadzjikistan - al zeven jaar actief voor gehandicapte kinderen!
In 2007 ontdekten wij Tadzjikistan. Een straatarm land, net een burgeroorlog achter de rug met een cultuur waarin geen plaats was voor gehandicapte kinderen. Door de burgeroorlog was er een polio-epidemie geweest, en de tehuizen zaten vol met jonge slachtoffertjes. Erbarmelijke, ja mensonterende omstandigheden. Niet genoeg eten, geen verwarming in de winter, verwaarlozing, corruptie en sanitair waar wij onze huisdieren nog niet zouden laten. Heel langzaam verandert er iets in Tadzjikistan. Klik op de afbeelding hiernaast voor de uitgebreide uitleg. Wij zijn ontzettend dankbaar, dat wij daar een steentje aan mogen bijdragen. En hopen, dat u daarin met ons wilt delen. Aanstaande maandag 22 december wordt er dan ook een benefietconcert georganiseerd in het Theater van Sneek, het begint om 20:00 uur. De kaarten zijn bij Pyt Jaarsma af te halen (wilt ze indien nodig ook brengen) en kosten 15 euro per stuk. Op facebook en youtube kun je alvast zien hoe geweldig de Koninklijke Militair Kapel, Johan Willem Friso spelen. Het bestuur van de Stichting Stype Tadzjikistan, Pyt Jaarsma, Hartwerd, voorzitter Abe Timmermans, Noordwolde, secretaris Ype Walstra, Burgwerd, penningmeester Djoke Westerdijk, Burgwerd Liuwe Westra, Lollum |
Damclub Hartwerd e.o.: in koekje der by!
Ek op moandei 10 november siet der wer in moai protsje dammers yn it Terphûs fan Hartwert. Der koene 9 partijen spile wurde. Spitigernôch wie der gjin dammer foar kompetysjelieder Klaas A. Dus dy koe him dwaande hâlde mei it skinken fan kofje en té en it útdielen fan bastognekoekjes. Fansels hier ek alle tiid foar it byhâlden fan de útslaggen. Op de earste 5 damjûnen wiene der yn totaal fjouwer remisespullen. Dizze jûn waard der mar leafst trije kear remise spile. As sommige dammers de winst lizze litten ha wit ik net. Douwe en Fedde wiene moandei net yn Hartwert, mar hawwe tiisdei beide 2 potsjes spile yn Jorwert. Beide hellen op dizze jûn ien punt: ien kear winst en ien kear ferlies. Dat wie net genôch om mei fleis nei hûs te gean. Útslaggen 10 novimber: Ygram Wijbenga – Ids Boersma ½ - ½ Jesse Boschma – Piet Sikma 1 – 0, Teake Kooistra – Auke Boschma 1 – 0 Lieuwe Eringa – Thom Vellinga 0 – 1 Sjouke de Boer – Germ Bruinsma 1 – 0 Klaas Wiersma – Herman Terwisscha van Scheltinga 0 – 1 Hein de Vries – Tjerk Wijbenga ½ - ½ Jan Bouma – Harmen Westra 1 – 0 Anne de Boer – Siebe Elzinga ½ - ½. Fedde Wiersma, foarsitter Tel. 0515-332401, wiersmafedde@gmail.com |
Damclub Hartwerd e.o.
Neist Herman TvS fan de Skieppeleane (sjoch foarige wike) binne der mear dammers dy’t graach toanielspylje meie. Thom Vellinga stiet faak by Toanielselskip Wommels op de planken. Dat wie ek it foarige winterskoft sa. Mei om dy reden hat er ferline jier net mei damt. Mar dit damjier hat Thom noch gjin damjûn mist, en hy hat ek al ferskate puntsjes yn de bûse: 2 kear winst, 2 kear ferlies en ôfrûne moandei in kampspul tsjin Ids Boersma, dy’t in klasse heecher spilet as Thom. Soe Thom damles krije Jelle Wiersma yn de Jimbar fan Wommels? Twa dammers fan de damklup wiene tiisdei 4 novimber yn Jorwert om mei te dwaan oan it (iepen) kampioenskip fan Littenseradiel. It damjen fan beide mannen foel net mei: Douwe Namminga gie mei in heal punt werom nei Winsum en Fedde Wiersma gie mei twa hiele dikke nullen werom nei Easterein. Op 11 novimber wurde yn Jorwert de 3e en 4e partij spile. Útslaggen 3 novimber: Douwe Namminga – Lieuwe Eringa 1 – 0 Auke Boschma – Hein de Vries 0 – 1 Fedde Wiersma – Teake Kooistra 0 – 1 Sjouke de Boer – Jan Bouma 0 – 1 Ygram Wijbenga – Klaas Wiersma 0 – 1 Herman Terwisscha van Scheltinga – Siebe Elzinga 1 – 0 Thom Vellinga – Ids Boersma ½ - ½ Klaas Abma – Tjerk Wijbenga 0 – 1 Germ Bruinsma – Jesse Boschma 1 – 0 Fedde Wiersma Foarsitter |
Vrouwenvereniging ACB - Bazaar/verkoopmiddag
Dinsdag 18 november a.s. vind de jaarlijkse verkoopmiddag weer plaats. Er is van alles ingekocht, getimmerd, gebreid, geknutseld en ook zijn er vele bijzondere dingen verkregen. Mocht u nog iets willen geven dat geschikt is als prijs bij de verloting of bij het draaiende rad, dan kan dat ingeleverd worden worden bij Joukje Bouma of Gerry Sikma. Ophalen kan eventueel ook. Klik voor meer informatie op de flyer hiernaast. Graag tot ziens op de 18e! |
Een speciale dienst
Zaterdag 8 november a.s. vind er een speciale dienst plaats in de Kerk van Burgwerd om 19:30 uur. De dienst vind plaats met Peter & Engbert, ook wel de Nederlandse Simon & Garfunkel genoemd, dit met medewerking van Ds. R. Praamsma uit Easterein. Iedereen is van harte welkom en na de dienst is er uiteraard een kopje koffie of thee. Wij verwelkomen u graag aanstaande zaterdag, tot dan! |
Change of plans - Vrouwenvereniging ACB
Vanavond zou oorspronkelijk een creatieve avond zijn (koffie-bouqet maken), echter wordt vanavond anders ingevuld en zal er kennis worden gemaakt met indfulness, een intensieve aandachtstraining. Voor meer informatie, klik op de afbeelding hiernaast. Start 20:00 uur. |
Damclub Hartwerd e.o.
Herman TvS fan de Skieppeleane mei yn it winterskoft graach yn It Terphûs komme. De lêste jierren is er ien fan de fêste spilers fan de toanielferiening. Ek it kommende winterskoft komt Herman wer op de planken. Yn it stik ‘Moardromânse’ komt er mar leafst 374 kear oan it wurd, sa skreau er op 6 oktober enthousiast op syn Facebookpagina. Mar ek op moandei by it damjen hat Herman faaks it (heechste) wurd. Op alles wat er heard hat er wol in antwurd as in wêrwurd. Mar as it der om giet op it damboerd dan wurd er stiller … En net foar neat: Herman hat dit jier trije partijen spile en alle trije wûn! It kin dus net better. Freed 24 oktober wie Herman ek oanwêzich by it fluchdamjen yn Sanfûrd. En ek dêr gie it tige bêst mei Herman; hy helle 3,5 punt en dêrmei 12e fan de 32 dammers. Oare ‘Hartwerder’dammers yn Sanfûrd wiene Piet Sikma (2,5 punt), Klaas Wiersma (3 punt) en Fedde Wiersma (4,5 punt). Útslaggen 27 oktober: Lieuwe Eringa – Ygram Wijbenga 0 – 1 Siebe Elzinga – Ids Boersma 1 – 0 Jan Bouma – Piet Sikma 1 – 0 Teake Kooistra – Sjouke de Boer 1 – 0 Hein de Vries – Germ Bruinsma 1 – 0 Klaas Wiersma – Douwe Namminga 0 – 1 Klaas Abma – Harmen Westra 0 – 1 Thom Vellinga – Anne de Boer 1 – 0 Herman Terwisga van Scheltinga – Auke Boschma 1 – 0 Fedde Wiersma, foarsitter Tel. 0515-332401, wiersmafedde@gmail.com |
Damclub Hartwerd e.o.
Skriuwer Klaas Abma is as in spear fan start gongen yn it nije damjier. Klaas waard foarich jier foar it earst kampioen yn de Haadklasse B en spilet dit jier foar it earst yn syn libben yn de Haadklasse A. “Dêr haw ik hast tritich jier foar damme moatten” sa sei Klaas. De earste jûn by de simultaanwedstriid winst tsjin Tjerk, de twadde jûn in lykweardige remise tsjin Hein de Vries en de tredde jûn hie er Fedde Wiersma te pakken. De lêste tocht remise helje te kinne, mar Klaas hie de houtsjes sa stean dat Fedde nea in dam strike koe. Moandei 20 oktober wie de 3e kompetysjejûn. Sa as altiid komt Klaas rinnende fan de pleats nei It Terphûs. Hy tocht tusken twa buien droech oer te kommen, mar dat misleare: hy kaam as in fersûpte kat oan! Mar gjin need: Simone waard skille en sy kaam (ek as in spear) mei in droege broek en sokken nei it lokaal. Dêrnei koe Klaas de striid wer oangean tsjin dizze kear Germ Bruinsma út Wommels. Klaas kaam yn it middenspul 2 houtsjes foar en wist ek dizze wedstriid te winnen. Alle útslaggen fan 20 oktober: Herman Terwisga van Scheltinga – Piet Sikma 1 – 0 Tjerk Wijbenga – Sjouke de Boer 1 – 0 Fedde Wiersma – Jan Bouma 1 – 0 Klaas Wiersma – Lieuwe Eringa 1 – 0 Hein de Vries – Teake Kooistra 1 – 0 Thom Vellinga – Siebe Elzinga 0 – 1 Germ Bruinsma – Klaas Abma 0 – 1 Ids Boersma – Jesse Boschma 0 – 1 |
Nijs Damclub Hartwerd e.o.
Moandei 29 september is de damklup Hartwert wer útein set mei de jierlikse fergadering en in potsje simultaan damjen tsjin dizze kear Tjerk Wijbenga en Fedde Wiersma. Op 6 oktober is der foar it earst wer damt foar de kompetysje. Der dogge dit jier 22 dammers mei oan de kompetysje. Fan dy 22 komme der mar 5 út Hartwert: Jesse Boschma, Teake Kooistra, Jan Bouma, Klaas Abma en Piet Sikma. We hawwe der neat op tsjin as ynwenners fan Hartwert (en fansels ek oaren) op moandei efkes yn it Terphûs om de doar sjogge! Op 6 oktober wie der al in nij gesicht: Lieuwe Eringa út Burchwert; hy wurd nei alle gedachten lid fan de damklup. We damje eltse moandei (fanôf 19.30 oere) oan’t en mei de moanne maart. Oan’t sjen yn it Terphûs! Fedde Wiersma, foarsitter Tel. 0515-332401, wiersmafedde@gmail.com |
Afsluiting kaatsseizoen
Ter afsluiting van het kaatsseizoen van de vereniging 'Spui yn 'e want', vind er vanavond een gezellige feestavond plaats in het Terpshûs. Tevens zullen er prijs-uitreikingen plaatsvinden van de competities. Toegang is gratis voor leden en niet-leden. Zie hier de officiële uitnodiging. |
Konsert yn Johannestsjerke Burchwert
Sebastiaan Schippers en de noch o sa jonge Jelte de Jong (sopraanblokfluit en altblokfluit) spylje tegearre likegoed as solo in tal tagonklike en oansteklik fleurige wurken fan it klassike repertoir. Tink oan komponisten lykas Vivaldi, Telemann, Corelli. Fierders sil Sebastiaan Schippers ymprovisearje op bekende en dierbere lieten. Under it konsert is it mooglik noch in tal lieten op te jaan foar ymprovisaasje. Sa ûntstiet der in wikselwurking mei it publyk, en wurdt in konsert sa't it fanâlds bedoeld is: spannend, mei elk op it puntsje fan é stoel - ek de musisy! It konsert duorret likernôch 1 oere; de tagongspriis is € 5 (fan 17 jier ôf; jongere besikers fergees); nei ôfrin is der in bakje tee of kofje te krijen. Freed 10 oktober 2014, 20.00 oere, Johannestsjerke Burchwert Foar mear ynformaasje: Liuwe H. Westra, 0517-469245, liuwe.westra@mensa.nl |
Uitje Vrouwenvereniging ACB - Wijnproeven - 7 oktober
Een echte wijngaard in Fryslân en ook nog vlak in de buurt. Dinsdagmiddag 7 oktober mogen wij er een kijkje nemen en dan weten wij ook hoe goed de wijn uit Fryslân smaakt. Vertrek: 14:00 uur uit Hartwerd met de auto, wie wil kan op de fiets Locatie: Wijn- en Cultuurhoeve Thabor, Thaborwei 10, IJsbrechtum De kosten zijn € 5,- p.p. voor een rondleiding door de wijngaard, koffie/thee en wij mogen uiteraard de wijn proeven. Geef je vòòr zaterdag 4 oktober op voor dit leuke en informatieve uitje bij Joukje Bouma: bouwejoukje@live.nl |
Open dag Wetterskip Fryslân
Wandel op zaterdag 27 september as. door een deel van de Greidhoeke in Hartwerd. Gidsen Eize van Ommen en Jan van Rijen geven uitleg tijdens de excursie van 2,5 uur. Voor meer informatie zie de website van Wetterskip Fryslân. |
Vrouwenvereniging 'Actief Creatief Bezig' (ACB)
Het nieuwe seizoen van ACB van de vrouwenvereniging is weer begonnen. Wilt u graag aanwezig zijn bij de leuke uitjes die georganiseerd worden, geef u dan op bij Jeltsje Bouwstra - jbouwstrafeenstra@gmail.com |
Winnaars 'Pearkekeatsen' + verslag
1e prijs: Froukje Posthumus en Sybren Poelsma 2e prijs: Annemieke en Bouke Poelsma 3e prijs: Jeske Bakker en Gerrit Jan Duiven Verliezers 1e prijs: Wietske Metzlar en Anno Galema 2e prijs: Grietje Yska en Johan Bruinsma 3e prijs: Nyncke Terpstra en Geart Jan Karsten Van harte gefeliciteerd! Het verslag namens Cor Kooistra kunt u hier terug lezen. |
Lijst 'Pearkekeatsen'
De lijst voor de bovenstaande kaatswedstrijd is compleet. Mocht je nieuwsgierig zijn wie precies met wie kaatst, dan kunt u de lijst alvast hier inkijken. Iedereen een goede wedstrijd gewenst met veel plezier! |
Prijswinnaars 'Dijkstra & De Boer' partij + verslag
Mannen 1e prijs: Sybren Poelsma, Cathrinus Gerbrandy en Auke Boschma 2e prijs: Sjoerd Teake Kooistra, Frans Bekema en Marten van der Kamp Vrouwen 1e prijs: Wietske Metzlar, Jeske Bakker en Maaike de Swart 2e prijs: Annemieke Poelsma, Elske Rypma en Jeanne Galema Van harte gefeliciteerd! Het verslag namens Cor Kooistra kunt u hier terug lezen. |
Uitslag kaatswedstrijd 'Bloemen van Iris' - 03-08
1e prijs: Ane-Jan Knol, Annemieke Poelsma, Leo Bonnema 2e prijs: Jan Bouma, Gert Jan Jorna, Teake Kooistra 3e prijs: Hendrik Galema, Rika van Dijkhuizen, Suus Hettinga Verliezers: 1e prijs: Ype Bote Bonnema, Rudy Huitema, Peter Siemensma 2e prijs: Sybrich Wiersma, Reinder Boschma, Ingrid de Boer Van harte gefeliciteerd! |
Lijst kaatswedstrijd 'Bloemen van Iris'
De loting heeft plaatsgevonden en de lijst voor vandaag, voor de bovenstaande kaatswedstrijd, is dan ook bekend. Klik hier oor meer informatie. Iedereen een goede wedstrijd gewenst! |
Uitslag wedstrijd 'Woon & Projectinrichting De Boer' - 20-07
1e prijs: Berry de Jong, Tsjebbe Galema, Arlies van der Brug 2e prijs: Geart Jan Karsten, Sybrich Wiersma, Annie Duiven 3e prijs: Gerrit Jan Duiven, Annemiek Poelsma, Jeanne Galema Verliezers: 1e prijs: Meindert Bonnema, Rika van Dijkhuizen, Elske Galema Van harte gefeliciteerd! Uitgebreid verslag van de wedstrijd vind u hier. |
Uitslag kaatswedstrijd 'Rabobank & Federatie jeugd' - 19-07
1e prijs welpen: Johannes Bouma (Lollum) en Jurgen Popma (Blauwhuis) 1e prijs pupillen jongens: Bert Veltman (Hommerts) en Redmer van Netten (Gaastmeer) 1e prijs pupillen meisjes: Trynke Feenstra (Exmorra) en Glenna van Dijkhuizen (Nijland) 1e prijs schooljeugd: Mathijs Beuckens (Nijland) en Grieta Veninga (Witmarsum) Van harte gefeliciteerd! Voor een uitgebreid verslag van de wedstrijd, klik hier. Foto's vind u in het 'Fotoalbum'. |
Lijst kaatswedstrijd 'Woon & Projectinrichting De Boer'
De loting heeft plaatsgevonden en de lijst voor vandaag, voor de bovenstaande kaatswedstrijd, is dan ook bekend. Klik hier voor meer informatie. Iedereen een goede wedstrijd gewenst! |
Uitslag wedstrijd 'Groenvoorziener & Sandstra ' - 02-07 & 03-07
1e prijs A-klasse: Ane Jan Knol, Anno Galema, Gerrit Jan Duiven 1e prijs B-klasse: Berry de Jong, Johan Lentz, Elske Galema Van harte gefeliciteerd! Uitgebreid verslag van de wedstrijd vind u hier en foto's kunt u terugvinden via het fotoalbum op deze website. |
Verslag R & B Partij
Hier vind u het verslag van de 'R & B partij' welke op zondag 22 juni heeft plaatsgevonden, met dank aan Fokke Jan Kooistra. |
Uitslag kaatswedstrijd 'Familiepartij' - 01-06
1e prijs: Annemieke, Sybren en Bouke Poelsma 2e prijs: Adrie Heeres, Henk en Peter van Dalfsen 3e prijs: Taeke, Sjoerd Teake en Fokke Jan Kooistra Verliezers 1e prijs: Tsjebbe, Hendrik en Anno Galema 2e prijs: Theunis, Anneke Hofstee en Lodewyk Albada Van harte gefeliciteerd! Uitgebreid verslag van de wedstrijd kunt u hier lezen en foto's kunt u terugvinden via het fotoalbum op deze website. |
Uitslag kaatswedstrijd 'Schoolmeisjes afd.' - 31-05
* 1. Makkum: Boukje-Ellen Bosma, Lobke Vlasbloem, Kim Dijkstra * 2. Berltsum: Hester Zijlstra en Margriet Miedema * 3. Reduzum: Albertine Brinksma en Anne-Baukje Bloe Uitslag kaatswedstrijd 'Schoolmeisjes del.' - 31-05 * 1. Minnertsga: Jannica vd Ploeg, Stiens en Simona Kootstra * 2. Goutum: Marijke Keuning, Wiuwert en Wia Otter * 3. Menaam: Rianne Nutma, Winsum en Anne Rixt Iedema * 3. Easterein: Jiska Herrema, Menaam en Alien Dijkstra Van harte gefeliciteerd! |
Lijst 'Familiepartij'
De loting heeft plaatsgevonden en de lijst voor de kaatswedstrijd 'Familiepartij' is dan ook bekend. Klik hier voor de lijst. Iedereen een goede wedstrijd gewenst! |
Hier klikken om te bewerken.
|
|